'Nij rekreaasjepark by Harns'

26 okt 2013 - 13:28

Der moat in iepenbier tagonklik rekreaasjepark komme oan de Westerseedyk yn Harns, tusken de stêd en de camping yn. Dat wol de CDA-fraksje fan de gemeente. Doel is om kuier-, fyts- en mountainbikepaden oan te lizzen, terpen en trekkershutten te bouwen en fitnessapparatuur te pleatsen en noch folle mear.

Dit alles moat komme op it 12 bunder grutte terrein oan de seedyk, dat no bestjit út greide en bosk. Yn it ferline wie der sprake fan dat it seehûnesinterum fan Lenie Het Hart op dit plak komme soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)