Famke (14) út Stiens fermist

26 okt 2013 - 13:06

De 14-jierrige Dianka Visser út Stiens wurdt sûnt freedtejûn fermist. It famke wie middeis fan Stiens nei de wyk Bilgaard yn Ljouwert fytst. Dêrnei is der neat mear fan har heard. De plysje tinkt dat se mooglik mei in Marrokaanske man mei de trein nei Amsterdam gong is.

Se soe ek sjoen wêze by de McDonald's oan de Wurdumerdyk yn Ljouwert. Op sosjale media wurde in soad oproppen dien om Dianka werom te finen.

Trefwurden: 
fermist Stiens Dianka Visser
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)