Parnas giet definityf ticht

31 jan 2012 - 06:17

It sintrum foar kultueredukaasje Parnas is net mear. Dat hat in mearderheid fan PvdA, CDA en PAL/GrienLinks moandei besletten. Der wurdt lykwols in nije organisaasje optúgd, sadat der noch wol sprake is fan kultueredukaasje en kursussen.

De publike tribune siet fol mei meiwurkers, kursisten en bestjoersleden fan Parnas. De emoasjes rûnen sa heech op dat guon mei triennen yn de eagen de riedseal útgongen. In lytse minderheid fan VVD, D66 en de SP koe him net fine yn it opdoeken fan Parnas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)