Kramer oppermachtich op 5 km

Sven Kramer hat freed mei grutte oermacht de 5 kilometer wûn by it NK ôfstannen yn Thialf. Kramer pakte mei in winnende tiid fan 6.12,89 syn sechsde titel op de 5000 meter. It is boppedat syn tolfde nasjonale titel op it NK ôfstannen, wêrmei't er it rekôr fan Gerard van Velde benei komt.
It sulver wie foar Jorrit Bergsma. De rider fan de BAM-ploech wist yn de slotrit mei 6.17,79 krekt ploechgenoat Bob de Jong foar te bliuwen. De Jong klokte 6.19,20, goed foar it brûns.
Kramer hat sûnt 2006 achttjin medaljes wûn by de Nederlânske ôfstânskampioenskippen, wêrfan 12 kear goud. Snein sil Kramer op de 10 kilometer besykje in nij rekôr del te setten.