Samsom pleitet foar Thialf

25 okt 2013 - 16:56

Thialf moat syn posysje yn de reedrydwrâld behâlde. Dat seit PvdA-lieder Diederik Samsom. De politikus is op 't stuit op kampanje yn Fryslân yn ferbân mei de kommende gemeenteriedsferkiezings. Freed wie er by it NK ôfstannen op It Hearrenfean, de start fan it reedrydseizoen.

Samsom fynt de plannen foar de iisbaan fan Almere op papier better. Mar earst moat mar ris bliken dwaan oft de baan ek echt te realisearjen is.

Trefwurden: 
Thialf Diederik Samsom
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)