Keunstwedstriid mei Sinezen
Acht jonge Sineeske keunsttalinten binne freed waande wurk te meitsjen yn Museum Drachten. Dat dogge se mei in groep jonge keunstners út Noard-Nederlân. It bêste keunstwurk wurdt yn in ekposysje yn it museum opnaam.
De Sineeske jongeren folgje in oplieding oan de Dalian MyArt Academy. Dêr sitte bern fan 6 oant 16 jier op, dy't de hiele wrâld oer reizgje en útstallings hawwe, ûnder oare yn New York, Florence en Kambodja. Moandei gean se nei Amsterdam om musea te besjen. Se bliuwe oant ein dizze moanne yn Nederlân.