Oerfal snackbar Stoombootkade

25 okt 2013 - 10:36

De plysje hat in 20-jierrige man út in doarpke yn de gemeente Súdwest-Fryslân oanhâlden foar in oerfal en húslik geweld. De plysje krige ôfrûne nacht in melding fan in oerfal op in snackboar oan de Stoombootkade yn Boalsert. In maskere man bedrige it personiel mei in ding dat op in mes like. Hy die dêrnei in greep yn de kassa.

Letter dy nacht krige de meldkeamer in melding fan húslik geweld yn 'e stêd. Doe't aginten dêr oankamen, seagen se dat it deselde man fan bewakingsbylden fan de snackbar wie. De man bekende de oerfal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)