Fuotbalclinic foar fammen

25 okt 2013 - 10:21

Hûndert fammen kamen tongersdei ôf op in fuotbaltraning op 'e Westereen spesjaal foar harren. De training waard jûn troch profspylsters fan SC Hearrenfean.

It frouljusfuotbal wurdt hieltyd populêrder. Fuotbalferienings yn Fryslân sjogge it tal famkes op de sportfjilden bot tanimmen. De fuotbalferiening op De Westereen fernimt dat ek. Dat is foar de klup in reden om fammen yn 'e buert in les oan te bieden. Tsien froulike spilers fan SC Hearrenfean kamen dêrfoar nei De Westereen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)