Sels deklaraasjes kontrolearje

Kantoar fan De Friesland yn Ljouwert
Soarchfersekerder De Friesland start fan 1 novimber ôf mei in pilot wêryn't hûndert klanten har eigen soarchnota's kontrolearje. Dêrmei wol de fersekerder de soarchkosten foar bygelyks behannelings, medisinen of operaasjes transparanter meitsje.
Faak hawwe minsken gjin idee wat in behanneling kostet. Neffens De Friesland is der lykwols wol in grutte winsk fan klanten om de kosten sels yn te sjen. Fia in applikaasje op de website fan de soarchfersekerder kinne de dielnimmers de deklaraasjes besjen.