Sven Kramer lottet Blokhuijsen
Sven Kramer start it nije reedrydseizoen freed by de NK ôfstannen yn Thialf mei in duel op de 5 kilometer tsjin Jan Blokhuijsen. Kramer ferdigenet syn nasjonale titel op dizze ôfstân. Beide manlju sille yn rit 9 yn aksje komme. Kramer sil freed ek twa kear yn aksje komme op de 500 meter.
De froulju starte mei de 1500 meter. Op dizze ôfstân nimt Ireen Wüst it yn de lêste rit op tsjin Laurine van Riessen. Yn rit 10 komt Marrit Leenstra yn aksje tegearre mei Jorien ter Mors. Margot Boer nimt it yn rit 5 op tsjin Jorien Voorhuis.
Op de 5 kilometer byt Crispijn Ariens fan Wolvegea de spits ôf tsjin Willem Hut fan Waskemar. Arjan Stroetinga, ek fan Waskemar, komt yn de fjirde rit yn aksje, Bob de Vries fan De Haule yn de fiifde. Douwe de Vries fan It Hearrenfean hat rit acht. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn slút de 5 kilometer ôf yn de lêste rit wêryn't er it opnimt tsjin Bob de Jong.
By de froulju komt Imke Vormeer út Wolvegea yn rit 2 yn aksje tsjin Letitia de Jong fan Feanwâlden. Feanster Manon Kamminga rydt dêrnei tsjin Natasja Bruintjes. Antoinette de Jong fan Rottum nimt it yn rit 6 op tsjin Irene Schouten. Yvonne Nauta fan Twellingea start in rit letter.
Op de earste 500 meter manlju start Sjoerd de Vries yn rit 7, topfavoryt Jan Smeekens yn rit 9 en Jesper Hospes yn de 12e en lêste rit. Yn rit alve treffe twa ynport Feansters elkoar: Michel Mulder nimt it op tsjin Hein Otterspeer.
Sjoch foar de folsleine lotting op www.schaatsen.nl.