Dupearren brân net lilk

De troffen bewenners fan de grutte brân sneon oan De Kelders yn Ljouwert binne net lilk op de man dy't fertocht wurdt fan de brân. De fertochte kin rekkenje op in soad begryp. Dat die tongersdei bliken by de bewennersbyienkomst dy't holden waard nei oanlieding fan de lêste ûntwikkelings yn it ûndersyk.
It Iepenbier Ministearje makke dêryn bekend dat in 38-jierrige meiwurker fan de kleanwinke, dêr't de brân begûn is, fertocht wurdt fan net opsetlike brânstichting. De man soe dwaande west wêze mei in gaskachel wêrby't in stekflam ûntstie.