Sneu ferlies Jong Hearrenfean

30 jan 2012 - 21:52

Jong Hearrenfean/Emmen hat de útwedstriid tsjin Jong ADO Den Haach mei 4-3 ferlern. As de Feansters mar in part fan de kânsen fersulvere hiene, dan wie der in romme oerwinning mei nei Fryslân gongen. Yn de earste helte sette Enzo Huntink Jong Hearrenfean op foarsprong. Yn in produktive twadde helte rûn de thúsploech út nei 3-1. Hakim Ziyech soarge mei twa doelpunten foar de 3-3, mar krekt foar tiid soarge Ali Boussaboun mei syn twadde goal foar de winst fan Jong ADO.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)