Klompies Short Film-finalist

24 okt 2013 - 17:14

De film Klompies is nominearre foar it 29e International Short Film Festival yn Berlyn. De film giet oer de ûnrêst yn it buorskip Lytse Geast, neidat Nana Okrukata V, de kening fan Gana, 10.000 pear klompen bestelt. De koarte dokumintêre is opdroegen oan klompemakker Eelke Scherjon. De bekende Fryske klompemakker út Noardburgum hie yn earste ynstânsje in rol yn de film, mar waard siik doe't de opnamen útein setten. Syn rol waard oernaam troch klompemakker Frans van Kuijk.

Op 17 novimber sil blike oft de film yn de prizen falt yn de kategory dokumintêre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)