Gaskachel oarsaak brân

De brân oan De Kelders yn Ljouwert is ûntstien yn de kleanwinkel Hajarita Fashion troch in stekflam út in gaskachel. Dat hat de plysje tongersdeitemiddei by de parsekonferinsje bekend makke. Ut it earste ûndersyk en ferklearrings fan in winkelmeiwurker en klanten docht bliken dat de meiwurker mei de kachel en in losse gasflesse dwaande wie, doe't in stekflam ûntstie. Troch de stekflam fleagen klean yn 'e brân. De meiwurker en de klanten binne fuortendaliks út de winkel weirûn en hawwe it alarmnûmer belle.