Reek waard slachtoffer fataal

It slachtoffer fan de grutte brân koe net mear selsstannich syn hûs út op de normale wize fia de gong en it treppehûs. Der stie neffens de brânwacht in muorre fan reek. It slachtoffer is doe nei in binnenplak ta gien. De brânwacht hat besocht fia in balkon by him te kommen, mar dat is net slagge.
De branwacht hat mei in ynfrareadkamera it slachtoffer lizzen sjoen, mar se koene neat mear foar him dwaan. It slachtoffer is troch ferstikking om it libben kaam. Syn lichem is net ferbaarnd.