18 jier foar swimbadmoard

De man dy't opdracht joech foar de moard op Jan Elzinga út Mearum is tongersdei troch de rjochtbank yn Grins feroardiele ta achttjin jier selstraf. De haadfertochte dy't Elzinga likwidearre, kriget fyftjin jier sel.
De útspraak fan de offisier fan justysje is dêrmei gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje. De deadlike sjitpartij fûn ferline jier plak op it parkearplak fan it swimbad yn Mearum yn Grinslân.