Mear geweld op Arrivatreinen

24 okt 2013 - 14:21

Personiel fan Arrivatreinen wurdt hieltyd faker konfrontearre mei geweld. Dat seit fakbûn VVMC foar masinisten en kondukteurs. Yn maart waard in kondukteur yn in Arrivatrein slein, omdat in passazjier it net iens wie mei de bekeuring dy't er krige.

Neffens fakbûnsbestjoerder Wim Eilert is dat net in ynsident. Persoaniel bedarret hieltyd faker yn agresive situaasjes. De masinisten fan Arriva yn Noard-Nederlân sitte faak als iennich persoanielslid op in trein. Dêrtroch soenen se har ûnfeilich fiele.

Arriva lit witte dat se har net werkenne yn de krityk fan it fakbûn. Neffens har binne der krekt minder meldings fan geweld it ôfrûne jier.

Trefwurden: 
Arriva trein geweld VVMC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)