Lab Friesland Campina ûntromme

FrieslandCampina © ANP XTRA
It laboratoarium fan Friesland Campina yn Ljouwert hat tongersdei oan it begjin fan de middei in pear oeren ûntromme west. Troch in stroomsteuring wie de ôfsûchynstallaasje útfallen. Dêrtroch koene gefaarlike gassen yn de iepenbiere romte komme. De gassen wurde gewoanwei brûkt by it testen fan produkten.
De brânwacht is ynskeakele en hat ûndersyk dien. Nei goed twa oeren wie de lucht wer skjin en koene de meiwurkers wer it gebou yn.