Ungelok Stienzer yn Grins

24 okt 2013 - 13:24

By in ûngelok op de sudlike rûnwei fan Grins binne tongersdei betiid trije minsken ferwûne rekke. It giet om in 27-jierrige automobilist út Stiens, in man fan 53 út it Grinslanner Wildervank en in frou fan 51 jier út de stêd Grins.

De man út Stiens kaam troch noch ûnbekende oarsaak op de ferkearde helte fan de dyk telâne. Hy botste mei syn auto frontaal op in buske mei dêryn trije ynwenners fan Wildervank.

De 53-jierrige man út Wildervank kaam fêst te sitten yn it buske. Helptsjinsten hawwe him derút helle en nei it sikehûs brocht. In 51-jierrige motorrydster út Grins rekke ek ferwûne. Sy moast ek nei it sikehûs. De súdlike rûnwei fan Grins hat fanwege it ûngelok in skoft ôfsletten west foar it erkear.

Trefwurden: 
ûngelok Grins Stiens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)