Ploech Ariëns, Fabriek bliuwt

30 jan 2012 - 19:01

Crispijn Ariëns fan Wolvegea, Durk Fabriek út Jobbegea en Fries om utens Jouke Hoogeveen hoege net mear om in nije sponsor te sykjen. De maratonriders en skeelerneurs ha it safier krigen dat sponsor De Haan Westerhoff dochs noch in jier trochgiet. Op de Weissensee yn Eastenryk is dat beslút fallen. Earder hie it bedriuw út Drachten oanjûn op te hâlden. Niels Mesu komt nij by de ploech. Ploechlieder Bram Sikma hâldt wol op. Hy wurdt opfolge troch Jan de Jager. De Aldeberkeaper rydt no noch foar DHW yn de earste divyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)