Tsjinprestaasje foar bystân

24 okt 2013 - 10:22
  • Gemeentehûs op It Hearrenfean

Minsken mei in bystânsútkearing yn de gemeente Hearrenfean moatte tenei in tsjinprestaasje leverje foar de útkearing. Se moatte maatskiplik nuttige taken útfiere. Dy't net meiwurket, kin dêrtroch mooglik in legere útkearing krije. De gemeente bepaalt mei de minsken sels om hokfoar frijwilligerswurk it giet en om hoefolle oeren.

Neffens de gemeente kinne minsken yn de bystân sa wat werom dwaan foar de mienskip. Troch it wurk hawwe se mear kâns op in betelle baan. Mids takom jier wol de gemeente de ûnderfinings evaluearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)