Rêdingsboat Skier rêden

23 okt 2013 - 23:12

Trije Harnzers hawwe de âlde rêdingsboat fan Skiermûntseach rêden fan de sloop. De hast 70 jier âlde boat lei te ferrustkjen by in partikulier achter hûs yn Nederhorst ten Berg. It skip wie omboud ta in lyts jacht, mar de Harnzers wolle it no werombringe yn de âlde steat.

Nei alle gedachten sil de restauraasje goed twa jier duorje. Dêrnei komt it te lizzen yn it histoaryske sintrum fan Harns en sil it ynset wurde as promoasje foar it wurk fan de rêdingsbrigade.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)