CNV komt mei kjeld-app

30 jan 2012 - 18:50

Fakbûn CNV hat in app ûntwikkele om wurknimmers yn de bou te ynformearjen oer de waarsomstannichheden. As de gefoelstemperatuer kâlder is as seis graden ûnder nul, is it net mear ferantwurde om bûtendoar te wurkjen. Wurkjouwers kinne maatregels nimme lykas seil om de steigers as beskerming tsjin de kjeld.

De temperatuer wurdt moarns om 7 oere en om 10 oere metten en dan is bekend oft wurke wurde kin of net. As der net wurke wurde kin fanwege de kjeld, krije boufakkers wol trochbetelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)