Mooglik XL-Supermerk Snits

© ANP XTRA
Snits krijt der mooglik in hiele grutte supermerk by. De supermerk XL soe komme moatte op yndustryterrein De Hemmen. Projektûntwikkelder Corlijnen BV hat al in pear jier in grut terrein oan de Kolenbrandersstrjitte yn de ferkeap, mar oant no ta slagge it net om dat te ferkeapjen.
Doel wie om der in túnsintrum of boumerk op te krijen. Troch de krisis is der lykwols gjin ferlet mear fan en dus is der in oanfraach yntsjinne foar it feroarjen fan it bestimmingsplan. De gemeente liket lykwols net foar de plannen fan Corlijnen.
Yn in brief oan de projektûntwikkelder skriuwt it kolleezje fan Súdwest-Fryslân dat se gjin supermerken hawwe wolle dy't te fier bûten it sintrum sitte. Dat soe de winkels yn it sintrum klanten kostje kinne en dat wol it kolleezje net. De gemeenteried praat der nije wike oer.