"Gjin kasseie-etappe yn Tour"

23 okt 2013 - 21:28
  • Pieter Weening

"Der moat eins gjin kasseie-etappe yn de Tour de France sitte". Dat seit hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema yn in reaksje op it etappeskema fan de Tour de France fan takom jier, dat woansdei bekend makke is. Dêryn sit ien kasseie-etappe yn it Noarden fan Frankryk, it parkoers dêr't ek de klassiker Parijs-Roubaix op ferriden wurdt.

De Tour de France sil takom jier op 5 july begjinne yn Yorkshire yn Ingelân. Der wurdt gjin ploegetiidrit riden, mar wol in yndividuele tiidrit en fiif oankomsten binne berchop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)