Mear saken yn Ljouwert fallyt

23 okt 2013 - 16:37

It tal falliseminten yn Ljouwert is foar it twadde jier op rige tanaam. Sa docht bliken út sifers fan kredytmonitor Creditsafe. It tal falliseminten yn Ljouwert gie yn 2013 mei sa'n 54 prosint omheech yn ferliking mei 2012. Nettsjinsteande de grutte taname sjogge Ljouwerter ûndernimmers mear mooglikheden as in jier earder. It tal nije ûndernimmingen gie yn 2013 nammentlik mei sa'n 8 prosint omheech. Yn 2012 wie der noch in ôfname te sjen yn it tal nije ûndernimmingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)