Westra: hoop op Tour de France

23 okt 2013 - 14:38

De etappes foar de Tour de France foar takom jier binne bekend. Gjin ploegetiidrit, mar ien yndividuele tiidrit en fiif oankomsten by de berch op. Ek is der in rit oer de Noard-Frânske kasseien. De toer begjint op 5 july yn Yorkshire yn Ingelân. Ien fan de mannen dy't takom jier meifytse wol, is Lieuwe Westra fan De Tynje. Hy hopet selektearre te wurden yn syn nije ploech Astana mei kopman Vicenzo Nibali.

Ien fan de etappes hat de finish op de Gérardmér yn de Vogezen. Hurdfytser Pieter Weening wûn hjir op 9 july 2005 de etappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)