Warskôging foar farferbod
De provinsje Fryslân warskôget de skipfeart dat yn de rin fan de wike in farferbod ynsteld wurde kin. Oannimmers wurdt frege om it driuwend ark út it wetter te heljen.
As it farferbod yngiet jildt dat earst noch net foar de gruttere farwegen lykas it Prinses Margrietkanaal, it Van Harinxmakanaal en de tagongsfearten nei Ljouwert, Snits, Drachten en It Fean.