FNP wol Frysk op site Ljouwert

30 jan 2012 - 16:29
  • FNP

Ljouwert moat mear Frysk brûke op de gemeentlike webside. Dat fynt de FNP yn de stêd. Mei it Frysk kin de Fryske haadstêd him ûnderskiede, tinkt de FNP, en dat kin foar ekonomyske mearwearde soargje. Ljouwert brûkt op it stuit hielendal gjin Frysk mear op de webside. Dêrmei docht de stêd himsels tekoart as ynternasjonaal sintrum foar meartaligens, fynt FNP-riedslid Pier Tilma.

Ek mist de FNP it Ingelsk op de webside. Bûtenlânske besikers fiskje no achter it net.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)