Rjochtsaak oer skilderij Jopie

30 jan 2012 - 16:03

Feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts hat de soan fan skilder Jopie Huisman foar de rjochter sleept. Ein ferline jier beskuldige Jacob Huisman it feilinghûs fan it oanbieden fan falsk wurk fan syn heit Jopie, de ferneamde skilder fan Warkum. It feilinghûs yn Drylts hat gjin twivels oer de orizjinaliteit fan it wurk dat it oanbiedt en fynt de útspraken fan Huisman skealik foar syn reputaasje. It easket dêrom rektifikaasje.

Op de fraach oft it skilderij yn Warkum no echt of falsk is, komt gjin antwurd.

Der wie in ekspert fan it feilinghûs oanwêzich dy't seit dat it papier dat brûkt is tige âld is. Mar de garânsje dat it écht wurk is komt net. Oer twa wike docht de rjochter yn Ljouwert útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)