Gjin útspraak konifearebrannen

30 jan 2012 - 15:07
  • Justysje

De rjochtbank yn Ljouwert hat moandei gjin einútspraak dien yn de saak tsjin twa 21-jierrige Drachtsters dy't derfan beskuldige wurde dat se mear as 20 brannen oanstutsen hawwe yn har wenplak, benammen konifearehagen. It ûndersyk nei de beide fertochten wie net folslein, sa fûn de rjochter. Omdat de kâns op werhelling grut is as de fertochten net goed begelaat wurde, is ekstra ûndersyk nedich.

De saak giet no werom nei Justysje en de beide fertochten stean op 'e list om ûndersocht te wurden.

Ien fan har hat neffens earder ûndersyk in mentale handicap. Oer trije moannen komt de rjochtbank op de saak werom.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)