Radio NL wegeret 'Klompie'

30 jan 2012 - 15:00

Bestjoersleden fan de stifting Akwaada Aseda út Ljouwert tsjinje mooglik in klacht yn tsjin Radio NL út Snits. Foar de stifting, dy't ûntwikkelingswurk yn Gana docht, hat sjonger Cees Greuter in karnavalsplaat opnommen, "Klompie".

Dy single is lykwols wegere troch Radio NL. Boppedat die in DJ fan de stjoerder útlittings op de radio dat de bestjoersleden "zakkenvullers" wêze soenen. Alfred Lehman fan de stifting pikt dat net en oerwaget juridyske stappen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)