Sytze Pruiksma nei Sina

Sytze Pruiksma (hjir op argyffoto)
Komponist, muzikus en fûgelkenner Sytze Pruiksma sil takom moanne optrede by in belangrike konferinsje oer de natuer yn Sina. Op it súdlike eilân Sanya spilet Pruiksma op inisjatyf fan it Wereld Natuur Fonds en de Volvo Ocean Race.
De dielnimmers oan de konferinsje freegje omtinken foar de situaasje op de Giele See. Sina poldert in soad grûn yn, wêrtroch't de trekfûgels yn it gebiet yn de problemen komme.
Pruiksma hat yn 2010 en 2011 mei biolooch Theunis Piersma faker yn Sina west, mar dit is wol wer in nij hichtepunt. Sineeske ministers, miljonêr Richard Branson fan Virgin en de legindaryske Aziatyske akteur en stuntman Jackie Chan, mar ek Prinses Laurentien sille by de konferinsje wêze.