Roekenêsten Wolvegea ferhúzje

30 jan 2012 - 12:26

Yn Wolvegea is moandei úteinset mei it fuortheljen fan roekenêsten op it algemiene begraafplak dêr. Ek op oare lokaasjes yn de gemeente Weststellingwerf wurdt drok wurke om wat te dwaan oan de oerlêst fan de roeken.

Dy moatte ferhúzje en it fuortheljen en foar in part op in oar plak werom pleatsen fan de nêsten is ien fan de strategyen om dat foarelkoar te krijen. Der binne plakken foaral bûten de beboude kom oanwiisd dêr't de roeken wol wolkom binne. Under oaren mei knallen wurdt besocht de fûgels wat by te stjoeren.

Weststellingwerf hat in ûntheffing krigen om wat oan de beskerme fûgels te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)