Dakleazeopfang Zienn iepen

30 jan 2012 - 11:42
  • Nachtopfang Zienn

Fanwege de froast giet de winterneedopfang fan dakleazeopfang Zienn iepen. De opfang yn De Terp is fergees en it tal sliepplakken kin útwreide wurde as dat nedich is. De nachtopfang telt 35 sliepplakken.

Yn de simmer meitsje tusken de 15 oant 20 minsken dêr gebrûk fan. Fanwege de kjeld leit dat oantal no al op sa'n 30. Zienn sil besykje om de bûtensliepers sa folle mooglik oer te heljen om nei De Terp te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)