Kânsen swimmen as topsport

30 jan 2012 - 11:20

Foar it swimmen as topsport yn Drachten lizze der kânsen. Dat seit Willem Veldman fan it Sintrum foar Topsport en Underwiis op It Hearrenfean, it CTO. Sportkoepel NOC*NSF hat it swimmen krekt as turnjen oanwiisd as saneamde 'fokussport'. Dat is in sport wêrby't Nederlân goeie kânsen hat op Olympyske medaljes.

Oant no ta waarden talintfolle swimmers yn Drachten oplaat, om dêrnei by de topklups yn Eindhoven en Amsterdam fierder te gean.

No't it regionaal trainingssintrum yn Drachten yntinsiver gearwurket mei it Sintrum foar Topsport en Underwiis op It Hearrenfean, moat dat feroarje, sa fynt Willem Veldman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)