IIskoarts Fryslân boazet oan

30 jan 2012 - 10:44

Fryske hotels wurde belle troch minsken dy't in keamer boeke wolle foar as der in Alvestêdetocht komt. Gerlof Bleeker fan hotel Iesicht yn Algegea Smellingerlân en it Golden Tulip yn Frjentsjer is al in pear kear belle. Mar hy hat min nijs foar de klanten. Hy is net fan doel in wachtlist oan te lizzen. As de datum fan de tocht bekend is moatte minsken mar wer belje. Bleeker ferwachtet foar de kommende dagen in soad drokte fan minsken dy't ride wolle op it natoeriis.

Ek by reedfabryk Zandstra op De Jouwer soarget it winterwaar foar drokte.

It fabryk hat syn klanten oproppen om sels de redens op te heljen, want it slagget net om se moandei noch te ferstjoeren.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)