Dieven litte kenteken achter

30 jan 2012 - 09:54

De plysje hat snein yn Ljouwert trije winkeldieven oanhâlden. It giet om twa froulju fan 18 en 20 jier út Drachten en in 26-jierrige frou út Ljouwert. Yn in kleanwinkel waarden befeiligingslabels fûn dy't út de klean knipt wiene.

By de labels lei ek in bon fan in parkeargaraazje mei it kenteken fan in auto derop. De plysje gie nei de parkeargaraazje en koe de trije froulju dêr oanhâlde. De dieven hiene de stellen klean noch by harren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)