Ferlies Flyers yn België

30 jan 2012 - 08:37

De Friesland Flyers ha de lêste reguliere wedstriid om de Noardsee Cup ferlern fan Herentals. Yn België waard it 5-2 foar de thúsploech mei de perioadestannen 2-1, 0-0 en 3-1. Troch it ferlies ha de Flyers Eindhoven net ynhelle. Sadwaande wachtet no de swierste pûl om it kampioenskip fan Nederlân. De tsjinstanners fan de Feanster iishockeyers binne HYS Den Haach en Destil Trappers Tilburch. De Flyers begjinne woansdei mei in thúswedstriid tsjin Den Haach.

Moandeitejûn praat it bestjoer fan de Flyers mei har bûtenlânske spilers. Dan wurdt it beslút nommen om it seizoen ôf te meitsjen of per direkt ôfskie faninoar te nimmen. Ien fan dy fiif spilers, Joey Sides, hat ûndertusken in nije klup fûn. Sides sil oan de slach by Denver yn syn heitelân Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)