Stefan Groothuis wrâldkampioen

29 jan 2012 - 23:38

Stefan Groothuis hat mei in fenomenale 1000 meter de wrâldtitel pakt op it WK sprint yn Calgary. Groothuis ried 1.06.96 en ferbettere dêrmei it Nederlânske rekôr fan Beorn Nijenhuis (1.07.07). Alle konkurrinten bieten har stikken op de tiid fan Groothuis. Yn de einstân waarden de Súd-Koreänen Kyou-Hyuk Lee en Tae-Bum Mo twadde en tredde.
Sjoerd de Vries waard tredde op de lêste 1000 meter mei in pr fan 1.07.72. Yn de einstân waard de Twellingeaster 16e. De Vries ferprutste sneon syn WK, snein hie er de wiere WK foarm.

Trefwurden: 
reedriden WK sprint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)