Yu kampioen, Leenstra wer pr

29 jan 2012 - 22:53

Jing Yu is de nije wrâldkampioene op de sprint. De Sinese koe yn in duel mei de kampioene fan 2011, Christine Nesbitt, de skea op de 1000 meter beheind hâlde. Nesbitt wûn wol (1.12.94), tsjin de 1.13.47 fan Yu, goed foar de twadde tiid en de wrâldtitel. Alle fjouwer Nederlânske froulju rieden in pr. Marrit Leenstra waard tredde yn 1.13.89, mar 0.06 boppe it Ned. rekôr fan Ireen Wüst. Al dy toptiden wiene net goed genôch foar it poadium. Margot Boer waard fjirde, Annette Gerritsen fiifde, Marrit Leenstra achtste en Thijsje Oenema tsiende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)