Mid-Fryslân ûnderút tsjin VADA

29 jan 2012 - 16:59

Mid-Fryslân is sneintemiddei ûnderút gien tsjin de nûmer ien VADA. De kuorbalploech út Wageningen wûn mar leafst mei 32-20. Nei it ferlies ferline wike tsjin LDODK opnij in mentale tik foar de ploech fan trainer Peter Tolsma. Mid-Fryslân stiet noch altyd mei 7 punten út 10 wedstriden op it sechsde plak. Trije punten boppe SCO en DOS Kampen, dy't it lêste plak diele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)