Garaazje Feanwâlden baarnt ôf

29 jan 2012 - 16:42

In garaazje oan De Bjirken yn Feanwâlden is snein útbaarnd. In man wie yn de garaazje mei âlde sloopauto's dwaande doe't der brân ûntstie. Mooglike oarsaak is in ûntplofte gasfles of wat mei in fet benzine. Der wie in soad swarte reek te sjen. De korpsen fan Damwâld en De Westereen hienen it fjoer gau ûnder kontrôle. Net ien rekke ferwûne. Der wie gjin gefaar foar de omjouwing. Der wurdt noch sjoen oft der asbest by de brân frijkaam is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)