$ 3.000 foar tips oer Sienema

09 jan 2001 - 14:42

Yn 'e Estlânske kranten en op ynternet wurdt trijetûzen dollar bean foar ynformaasje oer de Fryske sakeman Pier Sienema (59). Sienema is op 19 desimber ferline jier foar it lêst sjoen. Hy wie doe op syn kantoar yn Tallinn.

De famylje fan Sienema is ûngerêst en besiket fia tips mear gewaar te wurden. De famylje fan 'e fermiste man hâldt rekken mei in misdriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)