3000 farre Alvestêderûte

18 nov 2013 - 15:47
  • Noardlike Alvestêderûte

Sûnt de offisjele iepening yn juny binne der goed 3000 boaten oer de Noardlike Alvestêderûte fearn. Dat docht bliken út sifers fan de gemeente Ljouwerteradiel. Dy hat teld by de slûzen yn de rûte. Neffens de gemeente foldogge de sifers oan de ferwachtings. Bedriuwen oan de rûte profitearje ek fan it tal boatsjefarders, sa seit de gemeente.

De kommende moannen is de rûte ek noch te farren, al kinne der fanwege in leger winterpeil wol wat minder grutte boaten del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)