300 tips oer ûntfiering Lusanne

26 aug 2003 - 00:00

De plysje hat nei de útstjoering fan TV-programma 'Opsporing Verzocht' 300 tips krigen yn de saak fan 'e ûntfiering fan Lusanne van der Gun fan Aldeberkeap. It 11-jierrige famke waard moandei op wei nei skoalle meinommen troch in man yn unifoarm fan yn 'e fyftich. It giet om in âldere man mei in keale foarholle.

Yn it doarp is ferslein reagearre. In ynformaasjejûn fan de plysje yn 'e basisskoalle luts sa'n hûndert minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)