300 bonnen foar te hurd riden

11 des 2008 - 09:56

Dik 300 bestjoerders hawwe woansdei in boete krigen by snelheidskontrôles yn de provinsje. De plysje kontrolearre op de Skâns en de Fok op It Hearrenfean, op de rûnwei fan De Lemmer en de Jousterwei yn Aldehaske.

Ien bestjoerder gong twa kear op de bon. Hy ried de earste kear 93 kilometer yn 'e oere wylst er mar 60 mocht. Eefkes letter ried er oer deselde dyk mei 111 kilometer foarby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)