Utbraak tbc yn Ljouwert

17 apr 2014 - 10:11
  • Tbc-ûndersyk

Yn Ljouwert binne tsientallen minsken besmet mei tbc. De sykte is yn jannewaris al konstatearre by in 30-jierrige ynwenner fan de stêd. Hy hat de baktearje nei alle gedachten meinaam út Afrika dêr't er weikomt. De man kaam geregeld by in coffeeshop yn de stêd. By 29 minsken, ûnder oare besikers fan de coffeeshop, is de besmetting ek oantroffen. Sy krije no medisinen.

De Ljouwerter wurdt behannele yn in sanatoarium yn Haren. De GGD siket fierder nei besmettingsgefallen fan tbc yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)