30 slachtoffers fan Harnzer

05 okt 2011 - 15:04

Justysje fertinkt in ynwenner (27) fan Harns fan ûntucht mei bern ûnder de 16 jier. Dat hat it IM woansdei bekend makke. Hy is ein septimber oanhâlden. De man is trener by VV Harns. In tal leden fan de klup is slachtoffer.

Justysje fertinkt him fan it meitsjen fan film- en fotomateriaal wêrby't goed 30 bern tusken de 11 en 16 op fersyk fan de fertochte hannelingen by him dienen. Dy hannelingen fûnen plak yn it hûs fan de fertochte. De plysje krige yn july de earste meldingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)