30 reaksjes yn meldwike FSU

09 mrt 2009 - 10:27

De Meldwike fan it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden (FSU), oer ûnderfiningen mei skuldhelpferliening, hat ôfrûne wike sa'n 30 tillefoantsjes en mailtsjes opsmiten. Yn syn sprekoeren yn de provinsje krige it FSU sinjalen dat der nochal ris wat mis giet by de skuldhelpferliening.

Sa moatte minsken faak lang wachtsje op help. Boppedat binne net alle buro's foar skuldhelpferliening fan goeie kwaliteit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)